Prader-Willi Hûs, in ynstelling mei in eigen metoade

01 okt 2015 - 06:57

It Prader-Willi Hûs yn Mûnein is twa jier lyn oprjochte troch in frou dy't sels in dochter hat mei it Prader-Willi syndroom, en har partner. Se ha in eigen manier wêrop't se mei bewenners omgean, dy't net basearre is op in wittenskiplik ûndersochte metoade. Se witte út eigen ûnderfining hoe't se minsken mei it syndroom behannelje moatte, sizze se. Neffens de âld-meiwurkers bestiet dy metoade út in hurde oanpak. "Hy wol se brekke. Hy wol se brekke en dan wer opnij opfiede." Binnen koarte tiid hie it hûs in flink tal bewenners.

"Alden witte fan neat"

Op it stuit wenje der 14 minsken, bern en jonge folwoeksenen. Yn it begjin stie der ien fersoarger op de groep, letter waarden dat twa. Neffens ûndersyk fan de ynspeksje binne de measte fersoargjenden net kwalifisearre foar it wurk dat se dogge. Neffens de âld-meiwurkers witte de âlden fan de bewenners net wat him krekt ôfspilet achter de doarren fan it Prader-Willi Hûs. De bewenners sels doare it thús ek net te fertellen. Se wurde ûnder druk set om har stil te hâlden. Der wurdt bygelyks tsjin har sein dat se in wike lang gjin iten krije, as se thús wat fertelle. En dat wylst iten it belangrykste yn it libben fan dizze minsken is. Alden fan bewenners dy't wol besocht ha thús wat te fertellen, krije fan de eigeners in moai ferhaal te hearren, wêryn't alles wêroer't se har fragen ha, rjochtbreide wurdt. De bewenners binne deabenaud foar foaral de eigener fan it hûs.

Ynspeksje foar de Sûnenssoarch

Trije (âld-)meiwurkers, dy't der net op itselde momint wurken, ha ûnôfhinklik fan elkoar in melding dien bij de Ynspeksje foar de Sûnenssoarch. Dy hat nei oanlieding fan de earste melding in kontrôlebesite brocht en hat der nei de tiid noch in pear kear west. De konklúzje wie dat der in hiel soad net yn oarder wie. Sa wiene der gjin goeie dossiers fan de bewenners, wiene de measte personielsleden net kwalifisearre foar de soarch dy't se joegen en waard de bewenners medisinen tatsjinne troch minsken dy't dêr it foech net ta hiene. Der is sûnt de earste kontrôle wol wat ferbettere, mar neffens de ynspeksje lang net genôch. Dêrom is it Prader Willi Hûs yn july ûnder ferskerpe tafersjoch steld.

"Ynspeksje docht neat oan mishanneling"

Neffens de âld-meiwurkers wit de ynspeksje dat de minsken mishannele wurde, mar docht dy dêr neat oan. De ynspeksje hat wol mei de bewenners praat, mar die dat yn de húskeamer. Bewenners fielden har dêr net feilich, omdat de eigeners fan it Prader-Willi Hûs yn de buert wiene. Sadwaande doarden se neat te sizzen. De ynspeksje hat justysje ynljochte oer de meldingen en rjochtet him sels op dit stuit op de kwaliteit en feilichheid fan de soarch dy't jûn wurdt.  

Te min foar strafrjochtlik ûndersyk

Justysje hat yntusken ûndersyk dien nei de meldingen en skriuwt dit yn in brief oan ien fan de melders: "Duidelijk is geworden dat aan de bewoners straffen zijn opgelegd, welke op zichzelf beschouwd als zeer onwenselijk kunnen worden aangemerkt. Dat de bewoners de straffen als zeer vervelend hebben ervaren staat niet ter discussie." Likegoed seit justysje dat dy te min yn hannen hat om in strafrjochtlik ûndersyk yn te stellen. Boppedat hat de ynspeksje ferskerpe tafersjoch ynsteld en dat moat earst foarrang krije.

Ticht

No't de twa ynstânsjes wêrfan't de âld-meiwurkers ferwachte hiene dat dy yngripe soene, dat net of yn harren eagen net genôch dogge, sykje se de publisiteit. De minsken meitsje har grutte soargen oer de bewenners fan it Prader-Willi Hûs. Se wolle dat dy de soarch krije dêr't se ferlet fan ha. Dat kin net yn it Prader- Willi Hûs, sizze se. En dêrom wolle se dat it tichtgiet.

Lês ek: "Bewenners Prader-Willi Hûs stelselmjittich mishannele"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)