Praatgroep foar styfmemmen

09 okt 2008 - 14:10

De stichting Stiefmoeders Nederland set ek yn Fryslân út ein mei groepen foar styfmemmen. Yn 2010 binne der yn hiel Nederlân mear styfgesinnen as gewoane húshâldings.

Yn styfgesinnen hawwe de partners al bern út eardere relaasjes. Sokke gearstalde húshâldings jouwe wol gauris problemen, benammen foar de styfmem. Twa fan 'e trije fan sokke relaasjes rêde it net op 'e lange duer. Dêrom komme der no jûnen om mei-inoar te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)