Pr. Bernhardhoeve hâldt namme

05 nov 2009 - 10:50
  • De Prins Bernhardhoeve hâldt syn namme

De Prins Bernhardhoeve yn Súdlaren mei syn namme hâlde. Dat hat de rjochtbank bepaald yn in saak dy't oanspand wie troch de direksje fan it WTC yn Ljouwert. Dat is de eardere eigner fan de Prins Bernhardhoeve. Neffens it WTC is wol it gebou ferkocht, mar net de namme.

Neffens de rjochtbank stiet dêr neat fan op papier. Boppedat fynt de rjochtbank dat de namme net los te keppeljen is fan it gebou, dy't neamd is nei Prins Bernhard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)