PowerField hat plan foar sinnepark by De Like

17 nov 2014 - 20:27
  • Sinnepanielen

It bedriuw PowerField yn Dokkum hat plannen foar in grut sinnepark oan de A7 by De Like. It park moat komme op it plak dat bedoeld wie foar de tredde faze fan it bedriuweterrein Leeksterveld. PowerField hat plannen foar in 14 hektare grut park, mei sawat 40.000 sinnepanielen. Dêrmei kin elk jier genôch enerzjy opwekt wurde foar 3000 húshâldens.

De gemeente De Like stiet posityf tsjinoer it plan. De kommende moannen wurdt it plan útwurke en wurde de fergunnings oanfrege. PowerField hopet yn de hjerst fan 2015 te starten mei it wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)