'Potfiskprotokol moat oars'

30 jul 2013 - 16:37
  • De potfisk op it strân fan Skylge

Wylst noch hieltyd besocht wurdt de deade Skylger potfisk út it wetter fan de haven fan Harns te krijen, komt der ek krityk op de gemeente Skylge. De krityk komt fan de ûndersikers dy't de potfisk útelkoar helje wolle. Sy binne benaud dat der belangrike ynformaasje ferlern giet, omdat it sa lang duorret foar't se mei it wurk begjinne kinne. Lonneke IJsseldijk fan de fakulteit diergeneeskunde yn Utrecht is ien fan de ûndersikers. Sy fynt dat it protokol foar de rêding fan walfiskachtigen oanpast wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)