Potfisken wer nei iepen see

03 nov 2004 - 12:26

De potfisken dy't tiisdei oanspielden op Flylân, ha it nei alle gedachten oprêden. Se binne woansdeitemoarn net wer op it strân fûn. Dat seit de rêdingsmaatskippij fan Flylân.

Twa potfisken spielden middeis oan en binne de jûns wer nei iepen see brocht. De rêdingsmaatskippij wie benaud dat de bisten wer oanspiele soenen om't se ferswakt wienen. De kâns bestiet dat de bisten likegoed letter noch wer ergens oanspiele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)