Potfisken dea troch kaissonsykte

26 des 2004 - 14:05

De kaissonsykte is mooglik de oarsaak fan 'e massale stjerte ûnder walfisken, potfisken en dolfinen. Dat skriuwt de Ingelske krante The Indepedent. Dûkers krije de sykte as se te hurd wer boppe komme. De stikstof yn it bloed begjint te buorreljen en dat jout in soad pine.

Wittenskippers tinke dat de bisten gauwer opdûke, om't der mear lûden ûnder wetter binne. Se tinke dan oan sonar fan dûkboaten of seismyske eksploazjes foar de oaljeyndustry.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)