Potfisken binne út it sicht

02 des 2003 - 00:00

It is ûndúdlik hoe't it mei de potfisken is dy't moandei by de kust fan It Amelân sjoen binne. Mei boaten is it slagge de bisten de see op te jeien om foar te kommen dat se oanspiele. Nei't se letter by Skier sjoen binne, is it stil wurden.

It liket derop dat it giet om in groep fan sân jonge mantsjes. Twa soenen al yn Dútslân oanspield wêze. Fiskers en Kustwachtminsken is frege nei de bisten út te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)