Potfisk yn Harns oankaam

30 jul 2013 - 11:35
  • Potfisk yn de touwen yn Harns
  • De potfisk wurdt út it wetter hyst
  • De potfisk wurdt út it wetter wei hyst
  • 'Pottekikers' yn Harns

De potfisk dy't moandeitemiddei oanspielde op Skylge is tiisdeitemoarn nei Harns sleept. It bist leit yn de bûtenhaven. De earste kear dat se it bist derút tille woene oan in kabel oan de sturt, skuorde der wat. De fisk is doe wer dellitten yn it wetter. No sil besocht wurde it op in oare wize te dwaan.

De skippen Nomad en Hurricane hawwe de 15 meter lange fisk nei Harns sleept. It wie dreech om him fan it Skylger strân ôf te krijen. Tusken trije oere en healwei fjouweren nachts wie dat klear en koe de reis nei Harns begjinne.

Strânkafee Heartbreak Hotel op Skylge, net fier fan de strâne potfisk, hie it drok mei alle minsken dy't it bist sjen woene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)