Potfisk oanspield op Flylân

27 jun 2004 - 13:27

Op de Flyhors op Flylân is freedtenacht wer in grutte fisk oanspield. Diskear giet om in deade potfisk fan 15 meter lang. Earder dizze wike spielde op de Flyhors ek al in bultrêchwalfisk oan. Meiwurkers fan seesintrum Ecomare op Texel hawwe it bist útinoar helle en it skelet meinommen. Dat mocht net op de gewoane oerfarder fanwege de stank.

It skelet fan de potfisk sil nei gedachten op Flylân te sjen wêze yn it natuersintrum de Noordwester.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)