Potfisk einliks op 'e wâl hyst

30 jul 2013 - 19:33
  • Potfisk yn Harns
  • Potfisk yn Harns

De potfisk dy't moandei oanspielde op Skylge is lang om let yn Harns op de wâl hyst. De hiele dei hawwe bergers drok dwaande west yn de haven fan Harns om it bist út it wetter te krijen. Dat slagge pas de jûns.

De ûndersikers fan Naturalis en de universiteit fan Utrecht binne fuortdaliks úteinset mei ûndersyk. Om't it sa lang duorre, binne se bang dat wichtige oanwizings foar it oanspielen fan it bist ferlern gien binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)