Pot sjem oer? Bring it by de Omrop foar de Voedselbankaksje

09 nov 2015 - 08:46
  • In frachtwein fol mei produkten út supermerken

Ha jo noch in pot sjem of in blik griente yn de kast stean? Bring it yn desimber by de Omrop! Fan moandei ôf kinne jo wer ynsammelaksjes betinke foar de Voedselbankaksje fan de regionale omroppen. Doel is safolle mooglik guod yn te sammeljen foar de itensbanken yn ús provinsje. Alle ynformaasje oer de aksje stiet op ús spesjale webside.

De aksje fan ferline jier brocht yn Fryslân 115.000 euro op. Dat binne 50.000 produkten. Der komt ek dit jier wer in boadskippelistje mei hâldbere produkten dêr't de Voedselbanken ferlet fan hawwe.

Minsken dy't guod ynsammelje wolle, kinne fan 7 oant en mei 18 desimber terjochte by de dielnimmende supermerken. It gebou fan Omrop Fryslân wurdt dy dagen wer it sintrale ynsammelpunt fan de Voedselbankaksje. Wa't guod ynsammele hat, kin dat hjir bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)