Pot mei jild foar NE-Fryslân

19 maaie 2010 - 23:14
  • De presintaasje fan it masterplan (foto: Binne-Louw Katsma)

Mei in mienskiplike pot mei jild, ien belied foar bedriuweterreinen en regiomarketing moat de ekonomyske en sosjale takomst fan Noardeast-Fryslân feilichsteld wurde. De fiif gemeenten yn NE-Fryslân en de provinsje presintearren woansdei it sosjaal ekonomyske masterplan oant 2030.

Om yn te spyljen op bedrigings lykas krimp en de konkurrinsje fan oare regio's wolle de gemeenten, de provinsje en ûndernimmers út de regio harren krêften bondelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)