Posysje Konst liket feilich

27 nov 2013 - 17:39
  • Hans Konst

Deputearre Hans Konst liket it debat yn provinsjale steaten oer Thialf woansdei te oerlibjen. Ynset fan it debat is it achterhâlden fan ynformaasje troch Konst. Dy fertelde de steateleden net dat der in wedstryd útskreaun wurde soe oer de bou fan in nij iisstadion, doe't se 19 desimber ferline jier 50 miljoen beskikber stelden foar in nij Thialf.

Opposysjepartijen sizze dat se mooglik in oar beslút naam hiene, as se dy ynformaasje wol hân hienen. De kolleezjepartijen bliuwe lykwols by it besikber stellen fan de 50 miljoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)