Posysje Jansma by FA ûnder druk

25 jun 2004 - 12:01

De wittenskiplik direkteur fan de Fryske Akademy, Lammert Jansma, is frege syn wurk del te lizzen. Neffens Jansma ha de provinsje en de KNAW, dêr't de Akademy yn Ljouwert ûnder falt, it betrouwen yn him opsein. Hy seit twongen te wêzen op te stappen.

It opstappen soe te krijen ha mei de útkomsten fan in ûndersyk dat freed presintearre wurdt. Dat ûndersyk is dien om't de Fryske Akademy in tekoart fan sân euroton hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)