Posysje direkteur yn 'e kiif

25 maaie 2007 - 11:49

De steatefraksje fan GrienLinks fynt dat de posysje fan de algemien direkteur fan de provinsje yn 'e kiif steld wurde moat. Tongersdei ferskynde in akkountantsrapport oer de gong fan saken by de tydlike húsfesting fan it provinsjehûs oan de Snitsertrekwei.

Ut it rapport die bliken dat amtners beslisingen namen sûnder it deistich bestjoer op de hichte te stellen. It giet bygelyks om it wol of net oan- besteegjen fan projekten by de nijbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)