Postume ûnderskieding Bosgraaf

21 jan 2008 - 15:21

Yn Dantumadiel is de ûnderskieding foar de frijwilliger fan it jier dizze kear postúm útrikt. De sjuery hat de priis takend oan Jarig Bosgraaf foar syn wurk by it ynsammeljen fan âld papier foar de tsjerke yn Damwâld. Flak nei't de sjuery dat beslút nommen hie, is Bosgraaf ferstoarn.

Frijwilligers fan de Nederlânsk Herfoarme tsjerke ha de oarkonde yn ûntfangst nommen fan wethâlder Siepie Hylkema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)