Postúm lintsje foar Heijstek

16 okt 2012 - 22:53
  • Lintsje

Boargemaster Crone fan Ljouwert sil tongersdei postúm in Keninklike Underskieding útrikke oan de neibesteanden fan Teunis Jan Heistek út Ljouwert. Heistek wurdt postúm beneamd ta lid yn de oarder fan Oranje Nassau foar syn ynset foar slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch yn Nederlânsk-Ynje en har neibesteanden.

Heistek waard yn Ynje berne as soan fan in KNIL-militêr. Hy makke en publisearre tinkalbums foar neibesteanden fan militêren dy't yn de oarloch yn Súdeast-Asië om it libben kamen.

Hy makke en ûnderhâldde sûnt it jier 2000 ek twa websites foar neibesteanden fan oarlochsslachtoffer fan de Twadde Wrâldoarloch yn Súdeast-Asië. De ôfrûne simmer ferstoar Heistek op de dei neidat de ûnderskieding takend waard. Der wie doe gjin gelegenheid om de ûnderskieding út te rikken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)