Postrinners TNT stake wer

25 nov 2010 - 00:28

De postrinners fan TNT stake tongersdei en freed op 'e nij. De direksje fan TNT hat net op de 24-oere staking fan ferline wike reagearre en sadwaande fiere de bûnen de druk op mei in staking fan 48 oeren.

TNT wol 11.000 postrinners dien jaan en ferfange troch goedkeape postbesoargers. Krekt as ferline wike wurde roukaarten en medyske post wol besoarge. De bûnen organisearje no gjin grutte aksjes yn Den Haach of op oare plakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)