Postrinners stake fierder

16 nov 2010 - 16:03

De postrinners stake nije wike tongersdei en freed wer. Dat hat it fakbûn FNV bekend makke op de lanlike aksjedei. Tûzenen postrinners út it hiele lân wiene tiisdei yn Den Haach om te protestearjen tsjin de twongen ûntslaggen fan 3100 kollega's.

De direksje fan TNT-post hat sein dat der minder ûntslaggen falle kinne, as de leanen omdel gean. TNT-post nimt gjin nije postboades mear oan, mar neamt se no postbesoargers. Dat binne part-timers dy't minder fertsjinje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)