PostNL ferwurket tûzenen skoalboeken yn Ljouwert

14 aug 2015 - 11:55

Topdrokte freed foar it distribúsjesintrum fan PostNL yn Ljouwert. Takom wike moandei begjint foar in soad jongeren yn Fryslân it nije skoaljier wer en dat betsjut dat de skoalboeken wer in 'e hûs lizze moatte. Der wurdt dei en nacht trochwurke yn it sintrum om alle pakketten by de learlingen te krijen.

Yn Ljouwert giet it om sa'n 17.000 pakketten dy't yntusken oer de bân gien binne. Dêr komme nei freed nei alle gedachten nochris 3.000 pakketten by. Lanlik wurde der 800.000 pakketten besoarge.

Nettsjinsteande de digitalisearring yn it ûnderwiis kin PostNL net fernimme dat der minder pakketten as oare jierren besteld wurde. Der is rekkene op de drokte, dêrom hoegde der freed gjin ekstra personiel ynsetten te wurden op it sintrum yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)