PostNL besoarget woansdei gjin post

06 jan 2016 - 13:24
  • Brievebus wurdt leechhelle

Fanwege de glêdens wurdt der ek woansdei kwalik post besoarge yn Fryslân. It is te nuodlik foar de besoargers om de dyk op te gean, seit in wurdfierder fan PostNL. Wol sille de besoargers besykje om de roupost te besoargjen.

Wannear't dat net slagget, sil PostNL de ferstjoerders en ûntfangers fan dy roupost dêr tillefoanysk fan op de hichte stelle. Tiisdei is ek in grut diel fan de post yn Fryslân net besoarge fanwege it minne waar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)