Postma wol mear ynformaasje

07 nov 2001 - 00:00

Henk Postma, Grouster riedslid fan Gemeentebelangen 2000 wol de fergaderstikken fan B en W fan Boarnsterhim ynsjen. Hy frege dêr al faker om, mar krige doe inkeld de wyklikse beslutelisten.

Postma docht no in berop op de Wet Openbaarheid Bestuur. Hy wol better op 'e hichte hâlden wurde fan kwestjes lykas de lokaasje fan it asylsikerssintrum en it nije gemeentehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)