Postma wint wrâldbeker Hyères

25 apr 2014 - 17:53
  • Pieter-Jan Postma
  • Pieter-Jan Postma

Pieter-Jan Postma hat freed yn it Frânske Hyères it klassemint wûn fan de Olympyske sylwike. It is Postma syn earste gouden medalje op wrâldbekernivo. Postma hat de ôfrûne jierren geregeld sulver en brûns wûn, mar helle oant no ta gjin goud. Postma is út de skroeven: 'Dit fielt as in trochbraak. Ik haw eins ek in bytsje fan mysels wûn, want yn it ferline liet ek it wolris ôfwite op belangrike mominten'.

Der is sneon noch wol in medaljerace yn de Finnklasse, mar Postma syn foarsprong is sa grut, dat de winst him net mear ûntgean kin.

De winst fan Postma is ek opmerklik omdat hy de lêste tiid benammen oan it trainen is foar de Volvo Ocean Race. Postma hopet op in plak yn de definitive seleksje, dy't yn oktober begjint oan de sylrace om de wrâld. Nei de finish fan de Ocean Race wol Postma him tariede op de Olympyske Spelen fan 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)