Postma wint WK-wedstriid

06 jul 2007 - 22:17

Siler Pieter Jan Postma fan Terkaple hat de tredde wedstriid op 'e wrâld kampioenskippen wûn. Yn de Finn-klasse klimt hy yn it Portugeeske Cascais no fan it fjirttjinde nei it sânde plak.

Roelof Bouwmeester fan Warten sakke yn 'e Laser fan it 13e nei it 23ste plak. Yn de Yngling-klasse stean Van der Werf en Kampen no ien plak heger. Se binne no achtste. Marije Faber en Petronella de Jong giene fan it achtste nei it tolfde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)