Postma wint medaljerace

28 apr 2007 - 11:58

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is sânde wurden yn de Finn-klasse tidens in grút syltoernoai yn Frankryk. Postma wûn de medaljerace, wêrtroch't er noch in hiel ein klom yn it einklassemint. Hy wûn úteinlik fjouwer fan de tsien races. Brechtje van der Werf fan Snits en Marjon Kooistra fan Drachten binne fjirde wurden yn de Yngling-klasse. Marije Faber fan Snits en Marije Kampen fan Starum waarden achtste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)