Postma wint iepen NK Finn klasse

28 aug 2006 - 17:49

Siler Pieter Jan Postma fan Terkaple is dit wykein winner wurden fan de iepen NK yn de Finn klasse. Op de Feluwemar by Harderwijk wûn Postma 4 fan de 6 races. En dat wie mear as genôch om de titel binnen te heljen.

Ek yn de regenboogklasse wie der Frysk sukses dit wykein. Op de Westeinder by Amsterdam pakte Snitser Maurice Schonk de Nederlânske titel mei syn maten Frank Hettinga en Sjirk Brouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)