Postma tekenet 30.000ste akte

10 feb 2014 - 16:36

Notaris Douwe Postma út Ljouwert hat moandeitemiddei de 30.000ste akte fan syn notariskantoar ûndertekene. Dat is om meardere redenen unyk, om't Postma de ienichste notaris is dy't yn de foarige ieu in nij kantoar fan nul ôf opsette yn Nederlân. It wie de gewoante dat kantoaren oernommen waarden.

Fierder is hij 67 jier en wol er graach noch trije jier trochgean, want langer mei net fan de wet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)