Postma sechsde nei twa races

29 jul 2012 - 14:53

Siler Pieter-Jan Postma út Terkaple is snein goed begûn oan syn Olympyske Spelen. Postma einige yn de earste race yn de Finnklasse op it fyfde plak. Yn de twadde race waard er tsiende. Postma stiet yn it klassemint no op it sechsde plak.

De winst yn beide races wie ferrassend foar de Deen Jonas Hogh-Christensen, dy't oan kop giet. Kommende wiken wurde noch acht races syld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)