Postma sechde op WK Finn

25 jan 2008 - 15:09
  • Pieter-Jan Postma yn aksje

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple stiet nei fiif races op it wrâldkampioenskip, sechde yn it algemien klassemint. Hy sylt mei yn de Finn-klasse yn Melbourne. Freed einige hy yn de fjirde race as tweintichste en yn de fyfde race as sânde.

De start fan de fyfde race wie goed fan Postma en dêr pakte hy de winst. De kommende dagen komt der mear wyn en Postma hopet dêr syn foardiel mei te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)