Postma sânde op EK Finn-silen

24 mrt 2012 - 17:14

Finn-siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is sneon fjirde wurden yn de medaljerace by it Europeesk kampioenskip yn Italië. Dêrmei einiget de siler as sânde yn it algemien klassemint. De nije Europeesk kampioen is de Gryk Mitakis Ioannis.

Postma is al nominearre foar de Olympyske Spelen yn Londen. Om foarbehâld te toanen moast er by dit EK yn de top 4 lannen en by de earste sân dielnimmers einigje. Dat is him likernôch noch net slagge. Postma sil yn april oan de start ferskine by de Sofia Cup yn Palma de Mallorca.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)