Postma sakket fan 4e nei 6e plak yn Abû Daby

29 nov 2014 - 17:31

Finnsiler Pieter-Jan Postma is sneon twa plakken sakke yn it klassemint by de wrâldbekerfinale yn Abû Daby. Postma einige sneon yn de fyfde race as 6e en yn de sechsde race as 14e. Dêrtroch sakket er fan it fjirde nei it sechsde plak yn it klassemint.

Postma moat snein yn de medalrace op syn minst 6 punten goedmeitsje op de Australiër Jake Lilley om noch brûns te pakken. De Sloveen Vasilij Zbogar giet oan de lieding. Hy is al net mear yn te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)