Postma njonken poadium Hyères

27 apr 2013 - 16:23

Finn-siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is der sneon krekt net yn slagge in poadiumplak te pakken by it wrâldbekersilen yn it Frânske Hyères. Postma einige yn it einklassemint op it fjirde plak. De winst gong nei de Brit Andrew Mills. It sulver wie foar syn lângenoat Giles Scott. De Nij-Seelanner Josh Junior pakte it brûns.

Postma hie sneon in knappe lêste dei en kaam yn de twadde en ôfslutende medaljerace as twadde oer de einstreek. Mei it njoggende plak yn de earste medaljerace ferspile de Finn-siler lykwols syn poadiumkânsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)