Postma nije lobbyist Den Haach

07 jun 2003 - 00:00

Henk Postma fan Grou wurdt de nije lobbyist foar de trije noardlike provinsjes yn Den Haach. Hy folget op 1 oktober Jan Eisinga op.

Postma is en bliuwt yn tsjinst fan de provinsje Fryslân. Hy sil him yn Den Haach dwaande hâlde mei it behertigjen fan de belangen fan it Noarden. It giet benammen om it binnenheljen fan jild foar de fierdere ûntwikkeling fan Noard-Nederlân. Earder wie Postma direkteur fan it MKB Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)