Postma nei Harkemase Boys

30 jan 2009 - 13:34

Middenfjilder Arjen_Postma fan Sint_Nyk makket takom jier de oerstap nei Harkemase_Boys. Dit seizoen spilet hy noch foar in oare sneonshaadklasser, Flevo Boys. Yn it ferline spile Postma ûnder oaren foar SC_Cambuur en BV_Veendam.

Earder dizze wike makke Harkemase Boys ek al bekend dat René_van_der_Weij nei De Harkema komt. De Boys binne op dit stuit de grutske koprinner yn de haadklasse C.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)