Postma hat medaljekâns

07 jul 2007 - 17:09

Finnsiler Pieter-Jan Postma hat sneon yn Portugal ek de fjirde race wûn by it WK yn alle Olympyske klassen. De 25-jierrige Fries wûn freed ek al de tredde wedstriid.

Yn it klassemint stiet Postma no op it tredde plak, op trije punten fan it earepoadium. Nei de fyfde race fan letter sneontemiddei mei de minste wedstriid ôflutsen wurde. Dêrtroch soe Postma noch in medalje helje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)