Postma fiifde op EK silen

14 jul 2011 - 15:45
  • Argyffoto fan Pieter Jan Postma

Pieter Jan Postma fan Terkaple is as fiifde einige op it Iepen Europeesk kampioenskip silen yn de Finn klasse. Yn it Finske Helsinki kaam hy tongersdei yn de finale as sânde oer de streek. Mar dat feroaret neat mear oan syn klassearing. Postma gie ek as fiifde de finale yn. De Brit Glenn Scott waard kampioen.

Postma begûn goed oan it kampioenskip. Hy lei doe op medaillekoers. Mar de lêste dagen sylde hy wikselfallich en sakke hy fuort út de top.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)