Postma en Kampen tredde

21 aug 2007 - 15:27
  • Pieter-Jan Postma: súksesfol yn Sina

Finn-siler Pieter-Jan Postma hat op it pré-olympysk syltoernoai yn Qingdao yn Sina goeie saken dien. Nei in achtste plak yn de sechde wedstriid wûn hy de sande wedstriid. Yn it algemien klassemint klom de ynwenner fan Terkaple nei it tredde plak.

Marije Kampen fan Starum is mei Renee Groeneveld en Annemieke Bes yn de Yngling-klasse ek opklommen nei it tredde plak. Tiisdei waard der twa kear in twadde plak besyld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)