Postma dochs nei Telfortploech

30 sep 2004 - 15:25

It belbedriuw Telfort nimt de reedridersploech fan DPA oer. Dat hat it bedriuw woansdeitemiddei bekend makke. Telfort sil de langebaanploech finansjeel stypje oan de Olympyske Spelen fan 2006.

Ids Postma is yn tsjinstelling ta eardere berjochten dochs meigien nei dizze ploech. Nei alle gedachten kin er ynkoarten syn kontrakt tekenje. Yn novimber is dan it NK. De Telfortploech stiet ûnder lieding fan Ingrid Paul.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)