Postma Akademie-heechleraar

21 mrt 2007 - 11:28

Dirkje Postma wurdt de kommende fiif jier Akademie-heechleraar fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen. Postma, earder fan Nij Beets, docht oan de universiteit fan Grins ûndersyk nei longoandwaanings.

De KNAW beneamt fernijende ûndersikers dy't baanbrekkend wurk dogge ta Akademieheechleraar, sadat se fiif jier lang frijsteld wurde om har ûndersyk dwaan te kinnen. Postma heart by de wrâldtop fan astma-ûndersikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)