Postkantoar H´fean ticht

01 sep 2008 - 12:49

Bedriuwen op It_Hearrenfean kinne al in pear dagen gjin post mear helje by it postkantoar oan it Boargemaster Kuperusplein. Al sûnt freed is it kantoar ticht om´t der in flater yn it kompjûtersysteem sit.

De meiwurkers kinne dêrtroch net wurkje, mar ek de doarren kinne net iepen. De meiwurkers fan it postkantoar helje no de postbussen no leech, de klanten kinne har post no foarearst oan De_Skrynakker ophelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)