Posters wolle net plakke

11 feb 2010 - 20:27

De froast soarget yn de gemeente Ljouwert foar in soad problemen by it kampanjefieren foar de gemeenteriedsferkiezings. Sa ha de kampanjefierders har hannen fol oan it opplakken fan de ferkiezingsposters.

De froast soarget derfoar dat de lym befriest. Hjirtroch bliuwe de posters amper plakken. In oplossing foar it probleem is yntusken ek al fûn: de posters wurde no binnen op houten planken plakt, dêrnei wurde dy planken op de kampanjebuorden skroefd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)