Posters foar bedriuwen

27 jun 2007 - 17:12

Bedriuwen tichtby it spoar krije posters fan spoarbehearder ProRail, om't dy in kampanje begjint tsjin de gefaren fan it spoar. Mei it postermateriaal moatte minsken derop wiisd wurde dat it gefaarlik is om yn de buert fan it spoar te wêzen.

It giet dan bygelyks om kuierders, hurdrinners en boartsjende bern. Neist de foarljochtingskampanje pleatst ProRail ek stekken by it spoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)