Posteraksje moard fan start

09 okt 2012 - 12:27

Yn Easterwâlde hat de plysje tiisdeitemoarn posters ophongen om helderheid te krijen oer de moard op de 67-jierrige Marijke Heijltjes út it doarp. Op de posters stiet in foto fan de frou en de oprop oan minsken om harren te melden.

Frou Heijltjes waard op 12 septimber dea fûn. De plysje siket foaral ynformaasje oer har lêste dei. Boargemaster Harry Oosterman wie by de start fan de posteraksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)