Postema wint mei Nederlân

07 jan 2006 - 14:50

Hânballer Arnold Postema fan Sint Anne hat tongersdeitejûn mei it Nederlânsk team de earste kwalifikaasjewedstrijd foar de Wrâld Kampioenskippen wûn. Yn Bosnië-Herzegovina waard de thriller yn de slotfaze beslist. It waard 29-30.

Takom snein spilet Nederlân thús tsjin Bosnië. De oare lannen yn de poule binne Itaalje en Grikelân. Nederlân moat earste wurde yn de poule om him te pleatsen foar de play-offs foar in plak op it WK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)