Postboades stake tiisdei

10 nov 2010 - 11:16

Fryske bedriuwen riede har ta op de oankundige staking fan TNT postbesoargers. Tiisdei wurdt gjin post ophelle en besoarge. Medyske post en pakjes sille wol besoarge wurde. Soarchfersekerder De Friesland hat ôfspraken makke mei TNT, sadat belangryke korrespondinsje oer ôfspraken foar behannelings wol besoarge wurde.

De staking is om't petearen om it tal twongen ûntslaggen by it bedriuw te beheinen, fêstrûn binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)