Postachterstân hast fuortwurke

17 des 2010 - 14:34

TNT hat de achterstân dy't oprûn is troch de stakings hast fuortwurke. Ofrûne wike kaam der in ein oan de dagenlange staking by de TNT-postbesoargers. De staking sit noch wol yn 'e achterhollen fan 'e meiwurkers. It tal ûntslaggen is nei ûnderen ta bysteld, mar dochs moatte der in soad minsken út.

De tiid dat in krystkaartsje ûnderweis is, wurdt troch TNT rûsd op likernôch 3 of 4 dagen. Dat is noch wol op 'e tiid foar de krystdagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)