Post op moderne bakfyts

28 sep 2001 - 00:00

Moderne bakfytsen bepaalden it strjitbyld de ôfrûne wike yn Frjentsjer. Postboades brochten de post rûn mei de saneamde roadrunner. Se binne entûsjast oer it nije ferfiersmiddel: der kin mear post yn. In elektroanyske motor makket it lichaamlike wurk ek lichter.

Neffens har kin it eksperimint no al as slagge neamd wurde. Mooglik wurdt de postkarre yn Fryslân ôfskaft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)