Post Olie yn oktober nei It Fean

06 aug 2006 - 15:17

Post Olie ferhuzet yn oktober fan Harns nei Hearrenfean. In jier lyn waard bekend dat it bedriuw in nije kantoar yn it Fean bouwe woe, om't dêr mear útwreidingsmooglikheden binne. Post Olie leveret oalje en brânstof troch hiel Noard-Nederlân. Dêrom is Hearrenfean in sintraler plak.

Boppedat is it bedriuw net mear ôfhinklik fan de haven yn Harns om't it net mear leveret oan de skipfeart. Post Olie hat 70 jier yn Harns sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)