Post let op Skiermûntseach

05 nov 2004 - 16:03

Bewenners fan Skiermûntseach ha de post tongersdei pas let yn de middei krigen. Dat kaam om't de postauto op slot siet. De auto wurdt altyd nei de boat yn Lauwerseach brocht. Op it eilân hellet in meiwurker fan TPG-post him fan de boat.

De man dy't de auto oan board ried, hie de kaai yn it kontakt sitte litten mar de auto wol fergrindele. Op Skier koe de wein net iepen. Om't de reservekaai yn Den Haach wie, is it rútsje ynslein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)